Syds Wiersma: Lân sûnder ljurk Lân sûnder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma (Grou, 1963). De gedichten yn dizze bondel binne fan de lêste trije jier. Folle mear as yn syn eardere dichtwurk jout Wiersma syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit. De bondel set útein mei in ‘ierdsk’ petear mei de dichter Obe Postma; oer syn dichterskip en de alarmearjende situaasje fan it Fryske lân. Yn de skiften dy’t folgje, komt de aktualiteit wiidweidich oan bod: yn maatskiplike en persoanlike ûnderwerpen, fan polityk oant sport, oer leafde en ferlies. Tuskentroch is de dichter op ‘e strún yn Fryslân en dêrbûten. Lykas yn syn eardere bondels hantearret de dichter in ferskaat oan fersfoarmen. Gedichten mei in fêst tal wurdlidden op in rigel wurde ôfwiksele troch frije fersen. It twadde skift is in rige sonnetten. De measten dêrfan ferskynden earder op de webside fan it Frysk dichterskollektyf RIXT, dêr’t Wiersma ien fan de oprjochters fan is. Los fan aktuele tema’s toant Lân sûnder ljurk de oanhâldende syktocht om in lyryske stimme. Dêr’t de ljurk út de greiden ferdwûn, besiket dizze dichter te sjongen dêr’t er kin. Om de taal fan de dichtfûgel te hoedzjen en te fieren. Soms bidt er ek in nij kaddysj, skreaun by it ferlies fan dierberen. |