Bartle Laverman: In echte Fries Fan 24 jannewaris oant en mei 27 maart 2016 wie der in eksposysje yn Tresoar fan skilderijen en gedichten fan Bartle Laverman mei de titel ‘Is der ek Fryske ferbylding?’ Yn dizze útjefte steane no foto’s makke troch Haye Bijlstra fan de doe eksposearre skilderijen. Wiene yn Tresoar de gedichten op besite by de skilderijen, yn dizze bondel is it krekt oarsom. Ut it gedicht ‘in echte Fries’: mar ea ha ik in ljipaai fûn! dêrom sa pleitsje ik foar jim' slút my yn jimme mienskip en neam my ien fan ús |