Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFÛK
Thús
Poëzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Pier Boorsma: Kulturele autonomy yn Fryslân

Yn dizze bondel, gearstald troch Pier Boorsma, stean artikels fan Will Kymlicka, Maarten Mourik en Pier Boorsma sels oer it tema kulturele autonomy. Boorsma hat dêrta de stikken fan Kymlicka en Maurik oerset, dy fan Kymlicka út it Ingelsk en Mourik sines út it Nederlânsk. Neffens Boorsma is it artikel ‘Liberaal Nasjonalisme’ fan Kymlicka ien fan de alderwichichste teksten oer it tema.

Pier Boorsma: ‘As ûnderdiel fan in projekt fan ‘nation-building’ hawwe liberale demokratyske steaten op hokfoar tiid ek besletten it brûken fan ien taal te begeunstigjen yn it ûnderwiis en de publike tsjinsten. Dat betsjut, dat alle oare talen yn dy steat marzjinalisearre wurde. As in nasjonale minderheid syn taal en kultuer fuortbestean litte wol, dan sil dy minderheid de maatregels fan de sintrale steat neifolgje moatte, d.w.s. de minderheidstaal sa mooglik ynfiere moatte yn ’e publike sektor. In twadde punt is de relaasje tusken kulturele identiteit en yndividuele frijheid. De striid foar de kulturele identiteit betsjut net, dat op in yrrasjonele wize fêsthâlden wurdt oan in oerlevere groepsidentiteit. Dat soe net te ferienigjen wêze mei it liberale ideaal fan autonome yndividualiteit. It is earder sa, dat minsken, dy’t priis stelle op har autonomy ek har nasjonale kultuer wurdearje om’t dy nasjonale kultuer de wichtichste kontekst is, dêr’t minsken har autonomy yn útoefenje. It belang fan kultuer leit net yn de kultuer sels mar de kultuer jout tagong ta in rige fan weardefolle opsjes.’
Pier Boorsma
Kulturele autonomy yn Fryslân
Jier fan útjefte: 2016
ISBN.EAN: 978-90-74516-19-8
Tal siden: 74
Ferkeappriis: € 8,00