Bestelling op dizze side rinne fia de websjop fan de AFK
Ths
Pozij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Laurence Alma-Tadema waard yn 1865 yn Brussel berne as ldste dochter fan de Frnske Marie Dumoulin en de Fryske skilder Lourens AlmaTadema.

Laurence skriuwt fan jongs f oan en koesteret har oanlis op in protte mden. Har wurk bestiet t gedichten, romans, toanielstikken, oersettingen en pamfletten. Krekt as har heit wurdt se in wrldboarger, in kosmopolyt troch opfieding en brede ynteresse. Oars as by de yn it algemien sinnige ferbylding fan har heit - wolkeleas en freugdefol lardearre mei optimisme - treffe we by Laurence meastentiids in djippergeande wanhoop en ekstaze oan. Lourens ferbyldet mei syn pinsiel in fiere wrld en bringt in ryk ferline ta libben. Laurence is yn har skriuwen yn petear mei har inerlik.

Dizze tjefte is der kommen op inisjatyf fan Simen de Jong, dyt him yn de rin fan e jierren wakker ferdjippe hat yn it libben en wurk fan Laurence Alma-Tadema en dat fan har heit de skilder Lourens Alma-Tadema. Hy hat earder in boek oer dy beide publisearre. Op syn fersyk hat Gerda Baardman in kar makke t it wurk fan Laurence Alma-Tadema. Sy hat ek de Nederlnske oersettings fersoarge. De Fryske oersettings fan de gedichten binne fan Redbad Veenbaas en it ferhaal is ferfryske troch Jantsje Post. De koarte libbensskets is skreaun troch Simen de Jong en ek de koarte beredenearre bibliografy is fan syn hn.
Laurence Alma-Tadema:
In stjer leafhawwe.
Gedichten en ferhaal
Jier fan tjefte: 2018
ISBN.EAN: 9789074516280
Ferkeappriis: 15,00