Bestellingen op dizze side rinne fia de websjop fan de AFŪK
Thśs
Poėzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Klaas Rusticus: De brimstige ingel

Yn dizze bondel ferhalen skriuwt Klaas Rusticus oer syn jeugd yn Snits en oer wat er meimakke hat as filmregisseur oan frjemde kimen benammen yn eardere eastbloklannen en ek op oare tochten. Rusticus skriuwt yn meast koarte oant hiel koarte sinnen - en dat sa feitlik en droech mooglik, mar tagelyk ek byldzjend en poėtysk - oer situaasjes en stimmingen dy’t śt harsels de lźzer gauris frijwat fernuverje sille. Syn śtgongspunt is: hoe koarter formulearre hoe makliker de lźzer ta jins wrāld trochkringe kin, al liket dy wrāld bytiden ek ryklik fantastysk. Rusticus skriuwt mei each foar it lytse, it detail en yn alles spilet mei in swak foar dat wat warleas is.

Klaas Rusticus (1942) folge yn Snits de oplieding ta ūnderwizer, mar dźrnei rjochte er him al gau op teater en film. Yn Nederlān wurke er benammen foar de NCRV en de NOS-DTP. Yn it būtenlān foar ūnderskate omroppen yn Tsjechiė, East- en West-Dśtslān, Eastenryk en Switserlān.
Klaas Rusticus
De brimstige ingel
Jier fan śtjefte: 2013
ISBN.EAN: 978-90-74516-13-6
Tal siden: 164
Ferkeappriis: € 15,00