Bestelling op dizze side rinne fia de websjop fan de AFŪK
Thśs
Poėzij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Cornelis van der Wal: Wolf yn harnas

Cornelis van der Wal slagget der hieltyd wer yn om in miny-universum op te roppen, syn lźzers mei te fieren yn fragminten fan geheimsinnige ferhalen of trochkykjes te jaan fan in soarte fan fisionźre, gauris gewelddiedige tafrielen. Wy wurde ūnder oaren konfrontearre mei in wurge sinne dy't de kust ferniele wol, in preker dy stjert foar't er in stille stźd mei palmen en kristallen fivers berikt en skyldpodden dy't swiere fuorgen yn de loft lūke. Boppe dizze rykdom oan bylden hinget it driigjend skaad fan in yn harnas opsletten wolf: symboal fan de siel dy't nei ferlossing siket? Of in byld fan de sjenner dy't, hermetysk ōfsletten fan alle steuringen fan būten, it mystearje fan it bestean ūndersiket? De gedichten hālde it iepen, want it lźste wurd sprekke betsjut faaks wol de ein: “Sūnder stoer skyl fan stiel, sil ik dan net stjerre?”

“Illuminations”. Sa neamde de dichter Paul Verlaine it lettere wurk fan syn kollega en freon Arthur Rimbaud. Mei dat wurd tsjutte er net allinnich op mominten fan geastlike ferljochting, mar ek op wat er  “coloured plates” neamt, detaillearre fersieringen of miniatuerkes śt Midsieuske hānskriften. De gedichten śt Wolf yn harnas binne krekt sa.


Cornelis van der Wal
Wolf yn harnas
Jier fan śtjefte: 2016
ISBN.EAN: 978-90-74516-24-2
Tal siden: 48
Ferkeappriis: € 12,00