Bestelling op dizze side rinne fia de websjop fan de AFK
Ths
Pozij
Proaza
Ferskaat
Ynfo
 
Bestel
 
Piter Boersma: Molwrot

"...Fertel mar in koart ferhaaltsje."
"Hiel koart dan. It jonge moltsje kaam boppe de grn. It soe wze. Mar dr wie in ielreager en dy pakte him. It moltsje pipe even."
"In wreed ferhaal," sei Alexander.
Seleina sei: "Yn Mahler syn muzyk hear ik ek al dy mollelden werom, opwinende, lilke, wrede, seare."
"Hasto wat mei mollen?" sei Alexander.
"Fansels," sei Seleina.
Se seach har Servyske freon even nder de eachbrauwen wei oan.
Tsjin Catrinus sei se: "Hast in nuet ferhaal ferteld."
"As ik sels nuet bin, fertel ik in nuet ferhaal," sei er.
"Mar dat dochst nea ast mei my allinne bist."
"Om't ik it dan net doar."
Seleina seach Catrinus rjocht oan en doe sloech se de eagen del.
Catrinus stuts de hn t nei har hannen dy't op 'e tafel leine. Krekt op dat stuit stuts Seleina de hn t nei Catrinus sines dy't al yn de romte sweefde. De fingers fan harren hannen rekken inoar.
"It liket wol oft jim dnsje wolle," sei Alexander.

Piter Boersma
Molwrot
Jier fan tjefte: 2017
ISBN.EAN: 978 90 74516 22 8
Tal siden: 245
Ferkeappriis: 18,50